
De Bildstars komme! Fan septimber oant en mei novimber komt der in reade bus en in "lelijk eendje" langs de doarpen en stêden yn Fryslân. De bus mei de wat aparte famylje "Bildstar" komt ek by jo yn de buurt om pake syn 80-ste jierdei te fieren. It basisidee is: net kneppelje, mar ferbine en ynspirearje. Dus keppelje. De Fryske siel en taal: wês dysels! In fleuriche foarstelling mei teater en muzyk, samar, midden op strjitte , foar jong en âld en it is fergees. Spylplakken en spyldata 17 septimber: Paleis fan Justysje Ljouwert 24 septimber: Kollum 13:00 oere yn it winkelsintrum Dokkum 15:00 oere yn it winkelsintrum 1 oktober: Boalsert 13:00 oere yn it winkelsintrum Warkum 15;00 oere yn it winkelsintrum 8 oktober: Burgum 13:00 oere yn it winkelsintrum Bûtenpost 15:00 oere yn it winkelsintrum 29 oktober: Snits 13:00 oere yn it winkelsintrum De Jouwer 15;00 oere yn it winkelsintrum 5 novimber: Harns 13:00 oere yn it winkelsintrum Frjentsjer 15:00 oere yn it winkelsintrum 19 novimber: It Hearrenfean 13:00 oere yn it winkelsintrum Drachten 15:00 oere yn it winkelsintrum Boalsert 19:30 oere by de Broeretsjerke De Ried fan de Fryske Beweging (RfdFB) is de belange-organisaasje foar minsken dy't wiis binne mei Fryslân en har ynsette foar mear romte foar it Frysk en de Fryske kultuer. De Ried is in ûnôfhinklike frijwilligersorganisaasje. It is in stifting, dêr't in tal organisaasjes by oansletten binne. De Ried wurket mei in Deistich Bestjoer en sa'n 10 wurkgroepen fan riedsleden <b>...</b>
keppelfeest
kneppelfreed
Woudsend
anno
1816
Douwe
Kalmastifting
Gemeente
Ljouwert
Súdwest
Fryslân
Kulturele
Haadstêd
2018
Provinsje
Je
Maintiendrai
Meindersma
Sybengastichting
Stichting
Het
Weeshuis
Hendrick
Nannes
en
Catrijn
Epes
St.
Anthony
gasthuis
alle
trije
Boalsert
Oranjewoud
in
protte
frijwilligers
Tjalling
Brookman
brook
report
paleis
van
justitie
hofstrareizen.nl
dan
elle
13